Jan Jacob Schultens

Jan Jacob Schultens (1716-1788)

Jan Jacob Schultens (Frjentsjer, 19 septimber 1716Leien, 27 novimber 1788) wie in Nederlânske oriïntalist.

Hy wie in soan fan filolooch Albert Schultens (1686–1750) dy't fan 1713 oant 1729 Hebriuwsk joech oan de universiteit fan Frjentsjer. Yn 1742 promovearre er yn Leien in de teology. Letter waard er heechlearaar Easterske talen yn Herborn (1744-1749) yn Hessen,[1] en dêrnei, yn 1749, krige er syn heite learstoel, teology en Easterske talen, yn Leien. Under syn studinten wiene syn soan Hendrik Albert en Everard Scheidius (1742-1794).

Yn Herborn boaske er oan Susanne Amalie Schramm, dochter fan de heechlearaar yn Herborn Johann Heinrich Schramm. Ut dat houlik waard soankomt Hendrik Albert Schultens berne, dy't ek heechlearaar yn Leien waard.

  1. Biografy Schulten, Johann Jakob

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy